De Fryske Tonger Core band JITIIZER is offisjeel berne op 18 augustus 1991.
Fjouwer mannen, noch net ree foar it konserfatorium, hienen de grutte drang om ris meienoar in goed stik lefen te meitsjen.
Josse (gitaar),
Bongel (bongels),
WilSon (gitaar) en
De Gledde (stroate) koenen terjochte yn de loads fan Jonkman yn Sint Nyk. De kniptafel fan de seilmakkerij wie it poadium.
Binnen inkelde wiken hienen wy de earste nûmers hielendal útwurke: "Readkapke", "Johannus", "Oan 'e Kant" en "Yosties". It earste optreden siet deroan te kommen en it swit gong
De Gledde troch de naat; in seal fol minsken wie tefolle fan it goeie. Al rap fûnen wy
Wally efter in wetterpipe en hienen wy in echte snetterbek!
Troch it kabaal dat wy produsearden, kaam de tafallich foarby fytsende
Tommy op it lûd ôf. En hawar, de baskepulker wie in feit! Wy hawwe oefene en bier dronken, al soe ús libber der fanôf hingje, want 7 febrewaris wie it earste optreden.
It earste optreden op 7 febrewaris 1992 wie legendarysk. "Bar de Baron" yn Sint Nyk, hielendal ôfladen, in joekel fan in PA, de himpkes binnen in oere útferkocht, twa oare bands as foarprogramma. De start fan it artystenlibben!
In goede start is it heale wurk. Yn 1992 yn totaal 12 kear op de planken; ûnder oare de Fryske Gekte Toer en de finale fan de Lytse Priis fan Snits. Alle rom waard
Wally tefolle en wy hawwe as goede freonen ôfskyd nommen. Yn rekord tempo hat De Gledde de nije sjonger
Vlugt ynwurke.
Yn 1993 de earste demo "Hjir Is Der Ol" en in soad ûnderweis. Jierren fan sukses en yn 1996 de earste Kompakt Skiif "Frysk Tonger Core".
Spitigernôch moast
Vlugt rêstiger oan dwaan om gesondheidsredenen. Healwei 1998 hat
Vlugt de nije sjonger
Reade Rikus ynwurke.
Sawol de band as de besetting is iizer sterk, der is gjin hammer tusken te krijen: